Do ’t pake yet feint wier en beppe yet faem,
Do wier ’t
allegeärre net heal sa foärnaem
En
deftich as nou.
Men
neamde elkoar dou;
Gôed dei en gôed wei, en dêr
gyng it mei ou.
Do wieren de minsken rounboärstich en plat,
Hja neamden
ienfâldich in kat mar in kat.
Nou
wirde se boas
En
lûke oan’e noas
Oer echtfrysce wirden, — mar net
ôer hwet oars.
Do gyng ek in bôer yette klaeid as in bôer,
En
stedskompliminten der mocht er net ôer.
Hwet
röppe se nou?
Mynhear
en jiffrou!
Tsjin bôer en bôerinne, ho lompen en grou.
Do bleauwen de bôer en bôerinne by honk
En soärgen
dat thiisdeis de bûter net stonk.
Hja
wieren yn ’t spier
Jouns
let en moärns ier,
En rieden mar inkeld ris út for
plezier.
Do wieren de frouljue for ’t wirk net to swak;
De
bôerebern stiene for boaden yn ’t
plak.
Nou
pronkje se swiid
En
slite de tiid
Mei sjongen en spyljen, gejei en geryd.
Do spilen gjin klútsköppers op it toaneel
For greef
of baron yn in slot of kasteel,
Mar
do waerden se ek
Fen
wîzens net gek,
Mar hâlden de pîpen hwet mear yn
’e sek.
Do stelde de Fries yn syn tael yet in ear;
Dêr kaem er
mei del by de greatste mynhear.
Dat
liket nou neat!
Nou
binne se great
Op healbakken hollânsk, ho bryk en forkeard.
Ei Friezen, bljuw Friezen! brûk jimme forstân,
En
helje dat frjemde lawaei net yn ’t
lân;
Oars
komt it, sa wier!
Thröch
jimme sa fier,
Dat ik leau, de leare fen Darwin is wier.
Do ’t pake yet feint wier en beppe yet faem,
Do wier ’t
allegeärre net heal sa foärnaem.
Foarútgong!
is nou
It
röppen al gau,
Mar ’t falt yn in hele bôel dingen
hwet ou.
Ut: Friske Sang (1874)