Dêr ’t de dyk it lân omklammet,
Lyk
in memme earm hjar bern,
Dêr ’t de wylde sé
jamk flammet
Op in hap út Friso’s
hern’;
Dêr ’t de Stiennenman syn
eagen
Stoarje lit oer fjild en strân,
Dêr
’t men eanget fen gjin weagen,
Dêr
is ’t ljeave Heitelân!
Dêr ’t men eanget
fen gjin weagen,
Dêr is ’t
ljeave Heitelân!
Dêr ’t Reaklif sa swietkes lonket
Yn
de jountiidssinneskyn,
Dêr ’t it bokweitblomke
pronket
Twisken heide en beamgûd
yn,
Dêr ’t de Aldehou syn brommen
Uren
fier sims dreunt yn ’t roun,
Dêr it tilt fen fé
en blommen,
Dêr is ’t oeral
Fryske groun!
Dêr it tilt fen fé en blommen,
Dêr
is ’t oeral Fryske groun!
Dêr ’t hjar froed de geaen spriede,
Twisken
Lauwers, Linde en Flie,
Rêstich drôgjend, eft de
ierde
Rounom noft en frede wier,
Dêr
’t de groun de soargen leannet
Fen
der minsken warbre hân,
Dêr ’t men frij en
feilich wennet,
Dêr is ’t
ynljeaf Heitelân.
Dêr ’t men frij en feilich
wennet,
Dêr is ’t ynljeaf
Heitelân.
Lit ús tinke oan âlde tiden;
Ieuwen
fol fen lêst en noed,
Kriich tsjin frjemdfolk, fjuchtsjen,
striden,
Wrachseljen mei wetterfloed,
Dêr
’t Dy ’t âlde folk biwarre,
Dreech
tsjin stoarm en twingerij;
Dêr scill’ wy, as Friezen,
swarre:
„Aldfaers erf, wy weitsje
oer Dy!”
Dêr scill’ wy, as Friezen,
swarre:
„Aldfaers erf, wy weitsje
oer Dy!”